Social Media Zoeken Partners

Coehoorn communicatie

AdresMail JanJanarendz.nl
17 Juni 2019 - 15:31

Lok op ien

De nije provinsjale koalysje is der twa moanne nei de ferkiezings út: Us lok komt tenei op ien! Alteast, dat is de namme fan it koalysjeakkoart fan CDA, PvdA, VVD en FNP.

Even tocht ik: Lok op ien? Eelke Lok op ien? Dat is in aparte titel foar in deistich bestjoer fan in provinsje dat 'sûnt 1967' mear as kritysk folge is troch in kolumnist en Steateferslachjouwer mei de namme Lok. Ek wol wer moai, want Eelke Lok sette my ek al ris op ien op syn 'weblok' (efkes sykje op Arendz).

Mar nee, it giet dus om lok mei in lytse l. Yn it Hollânsk: 'Geluk op één'. Ik fyn it in moaie titel. Fral yn it Frysk.

Vorige blogVolgende blog