Aktyf yn ‘e polityk

 

Freed 29 maaie ha de leden fan de FNP my keazen yn it bestjoer. It moast der in kear fan komme. It is sa fier dat ik my njonken myn wurk ek ynsette kin en wol foar mienskip en polityk.

Kleur bekenne is wol lêstich. Neutraliteit hat sa lang myn hannelsmerk west. As zzp’er ha ik stap foar stap de sjoernalistyk achter my litten. Nei tsien jier achter de skermen by de oerheid bin ik wend oan myn nije rol.

Ik hie altyd wol in swak foar de FNP. Troch myn wurk foar de kampanje foar de steateferkiezings fan 2019 waard ik entûsjast. Ik fielde my thús, benammen troch de ferjonging en fernijing dy’t doe útein set is.

Ik binne in nuansearre FNP’er. Mei in iepen blik nei bûten en net swart-wyt. As kommunikaasjeman en âld-sjoernalist ken ik aardich wat minsken rûnom yn Fryslân. De measten binne net FNP’er.

Dêr wol ik yn it bestjoer gebrûk fan meitsje. Ik wol in ferbiner wêze. Binnen de partij en dêr bûten. De Fryske taal sjoch ik as in middel, net as in doel. De FNP moat in partij wêze wêr’t ek oarstaligen harren thús fiele kinne. It giet ommers fral om de minsken, de mienskip en it lânskip. 

Litte wy de hopeleaze Twadde keamer yn Den Haach sjen litte dat it ek oars kin! Ik ha der nocht oan.

 

Nederlands:

Op vrijdag 29 mei hebben de leden van de FNP mij gekozen in het bestuur. Het moest er een keer van komen. Het is zover dat ik mij naast mijn werk ook kan en wil inzetten voor samenleving en politiek.

Kleur bekennen is wel lastig. Neutraliteit is lang mijn handelsmerk geweest. Als zzp’er heb ik stap voor stap de journalistiek achter mij gelaten. Na tien jaar achter de schermen bij de overheid ben ik gewend aan mijn nieuwe rol.

Ik had altijd wel een zwak voor de FNP. Door mijn werk voor de campagne voor de statenverkiezingen in 2019 werd ik enthousiast. Ik voelde mij thuis, vooral door de verjonging en vernieuwing die toen is ingezet.

Ik ben een genuanceerde FNP’er. Met een open blik naar buiten en niet zwart-wit. Als communicatieman en oud-journalist ken ik vrij veel mensen her en der in de provincie. De meesten zijn niet FNP’er.

Daarvan wil ik in het bestuur gebruik maken. Ik wil een verbinder zijn. Binnen de partij en daarbuiten.  De Friese taal zie ik als een middel, niet als een doel. De FNP moet een partij zijn waarbij ook anderstaligen zich thuis kunnen voelen. Het gaat immers om de mensen, de gemeenschap en het landschap.

Laten wij de hopeloze Tweede kamer in Den Haag tonen dat het ook anders kan! Ik heb er zin in.