Foarsitter by FNP Fryslân

In eare en in grutte nije stap yn myn karrière. Sa sjoch ik myn ferkiezing as foarsitter fan FNP Fryslân. No’t de sjoernalistyk al wer tsien jier achter my leit, fiel ik my frij om partij te kiezen. Troch myn betelle help by de ferkiezingskampanje yn 2019 rekke ik entoesjast. De fernijïng en ferjonging dy’t doe begûnen, wol ik no mei helpe troch te setten.

Want ik soe noch wol in stapke fierder gean wolle. De FNP groeit en slacht gauris foar master op. Mei 49 minsken yn ‘e gemeenterieden, 10 wethâlders en in dúdlik lûd is de partij in wichtige politike faktor yn Fryslân. Dat betsjut dat der mear op ús let wurdt en dat der mear fan ús ferwachte wurdt.

Om dat allegear wier te meitsjen ha wy ek mear minsken nedich. Minsken dy’t de hannen út ‘e mouwen stekke, dy’t meitinke en dy’t bestjoeren en kommisjes fersterkje. Ik bin der wis fan dat dy minsken der binne, ek bûten de partij. Ik priuw in soad sympaty foar de FNP.

De Fryske taal is meastentiids in driuwfear om FNP-lid te wurden. Mar der is mear om foar te fjochtsjen. Eltsenien dy’t him Fries fielt is wolkom. Ek Nederlânstaligen bekroadzje har om de mienskip en it lânskip! Dêrnjonken moat in brede folkspartij ek stribje nei mear ynklusiviteit.

Ik bin âld-journalist, hâ rûnom kontakten mei in soad net-FNP’ers en bin ynwenner fan it Hollânsktalige Beetstersweach. Dat makket fan my in nuansearre FNP’er. Net swart-wyt. Dat makket ek dat ik respekt ha foar ferskillende mienings. En dat ik as foarsitter in ferbiner wêze kin en wol. Binnen en bûten de partij.


Nederlands:

Een eer en een grote nieuwe stap in mijn carrière. Zo zie ik mijn verkiezing als voorzitter van FNP Fryslân. Nu de journalistiek al weer tien jaar achter mij ligt, voel ik me vrij om partij te kiezen. Door mijn betaalde hulp bij de verkiezingscampagne in 2019 ben ik enthousiast geworden. De vernieuwing en verjonging die toen begonnen, wil ik nu mee helpen doorzetten.

Want ik zou nog wel een stapje verder willen gaan. De FNP groeit en timmert geregeld flink aan de weg. Met 49 mensen in gemeenteraden, 10 wethouders en een duidelijk geluid is de partij een belangrijke politieke factor in Fryslân. Dat betekent dat er meer op ons wordt gelet en dat er meer van ons wordt verwacht.

Om dat allemaal waar te maken hebben we ook meer mensen nodig. Mensen die de handen uit de mouwen steken, die meedenken en die besturen en commissie versterken. Ik weet zeker dat die mensen er zijn, ook buiten de partij. Ik proef veel sympathie voor de FNP.

De Friese taal is meestal een drijfveer om FNP-lid te worden. Maar er is meer om voor te vechten. Iedereen die zich Fries voelt is welkom. Ook Nederlandstaligen maken zich druk om de mienskip en het landschap!  Daarnaast moet een brede volkspartij streven naar meer inclusiviteit.  

Ik ben oud-journalist, heb her en der contacten met veel niet-FNP’ers en ben inwoner van het Nederlandstalige Beetsterzwaag. Dat maakt van mij een genuaceerde FNP’er. Niet zwart-wit. Dat maakt ook dat ik respect heb voor verschillende meningen. En dat ik als voorzitter een verbinder kan en wil zijn. Binnen en buiten de partij.